lekker waarm
Door: frans
Blijf op de hoogte en volg frans
11 November 2009 | Peru, Quillabamba
waarm dus, mar ek in soad migjes, lange broek, sokken, lange mouwen en smarre
mar se witte dy te finen, foaral yn`t swimbad, de 1e deis waard it grutte bad skjinmakke, en wa lei der de oare deis yn? :)
yn it lytsere bad makken jonges in duns yn´t wetter
der wurdt fan alles ferboud, kofje, banenen, tomaten. sinaasappels, mais, ananas, ensfh
de adobeblokken lizze te droegjen om der letter huzen fan te bouen
der is ek in lange strjitte wer´t se skulpturen fan bisten makke ha, moai makke
by de mycheamels stie in boerke oandachtich alles te besjen, seachst him tinken `dit binne no dy bisten dy`t myn planten opfrette, moai neimakke, mar as stanbyld? nou ja ...`
by in krus, nei wit ik hoefolle trappen, hast in prachtich utsicht
sneins wie`t `it festival fan de ananas´, se dielden stikken ut op de plaza de armas, sa lekker binne se bij us net, lange rige dus, de lytskes braaf wachtsje, de grutten foardringe, sels de plysje
de motorclub fan Urubamba wie der ek,
it motorhart gie eefkes iepen, doe se my syn allen runtsjes makken
ha by Miguel op`e kofje west, fijne kofje, fan te foaren wol broadsjes en buter kocht, om mei te nimmen foar der bij
ym`e beamen boue de weverfugels feilige nesten, de dikke is in `kaugombeam´
de wei der hinne is oer in pas fan 4300 mtr, de helte asfalt, de helte hobbelreed, mar yn`e nacht sjogge jo neat, je fiele allinnich mar de hobbels en de bochten, stelt Alpe d`Huez echt neat foar
-
12 November 2009 - 18:51
Durk:
nochal wat lest fan ungedierte haw ik yn é gaten. De neefkes binne hjir wat fuort, it wurd ek kâlder.
Yn Switserlân ha wy oars ek wol aardich op hichte west, mar 4300 is wol in ein omheech. Boppe op ek in cabane?
groeten út in mistich Westerein.
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley